Lykspul Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean spile tiisdeitejûn mei 1-1 lyk tsjin jong FC Twente. Op Sportpark Skoatterwâld waard troch beide ploegen min spile. Twente naam nei tsien minuten spyljen yn de twadde helte de lieding. In moaie frije traap fan Oguzhan Türk betsjutte 1-1.
Jong Hearrenfean stiet op it tredde plak yn' e beloftekompetysje. De ploech fan trener Henk Herder komt noch twa kear yn aksje.