Pallets mei sterke drank stellen

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei stellerij fan pallets mei sterke drank yn Drachten. By in bedriuw oan de Ampèrelaan is yn it Peaskewykein drank stellen.
Njonken de pallets mei drank wurde ek in laptop en in waskmasine fermist. De dieven moatte nei alle gedachten in bestelauto brûkt hawwe om alles mei te nimmen. Se ha in roldoar fernield om binnen te binnen kommen.