Wetterpeil feangebieten heger

© Omrop Fryslân
De provinsje wol it wetterpeil yn de Fryske feangebieten simmerdeis ferheegje fan 90 nei 60 sintimeter ûnder it meanfjild.
It hjoeddeiske lege wetterpeil is geunstich foar de lânbou, mar neidielich foar natoergebieten en huzen dy't boud binne op houten peallen. Dy peallen begjinne te rotsjen by in leech wetterpeil. Boereorganisaasje LTO is net bliid mei it foarnimmen fan de provinsje.