Fokker wol hynders brânmerke

© Omrop Fryslân
De wet dy it brânmerken fan Fryske hynders ferbiedt doocht net. Dat sei advocaat Van der Goot tiisdei yn de rjochtsaak tsjin fokker Van der Linde út Terwispel. Dy hie syn hynder dochs brânmerkt.
De hynders krije tsjintwurdich in chip yn de hals. Brânmerke mei lykwols yn tal fan oare Europeeske lânnen wol. Fokkers fine dat wichtich omdat jo dan de kwaliteit fan de hynder oan de bûtenkant sjen kinne.