Apparteminten ûntromme yn Harns

19 apr 2006 - 09:49

De gemeente Harns hat ferline wike trije bewenners út twa apparteminten oan de Noordijs helle fanwege brânfeiligens. It gebou is fan de bekende Fryske ferhierder Siderius út Menaam.

It giet om de twa boppeste apparteminten yn in Ryksmonumint. De plafonds dêr binne fan reid en de treppehal is sa mei hout betimmere dat it hiel brângefaarlik is. De bewenner op de begeane grûn mei bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)