Natuerbehearders moatte fjild yn

© Omrop Fryslân
Natuerbehearders moatte faker it fjild yn om de natuer te beskermjen. Dat konkludearret ûndersyksburo Altenburg en Wijmenga. Se hawwe mei Steatsboskbehear, it Fryske Gea en Natuurmonuminten de sechstich Fryske natuergebieten ûndersocht. Der is benammen sjoen nei de greidefûgelstân.
Yn trije op de fjouwer gebieten giet it min mei de fûgels. Troch it grutte tal regels binne meiwurkers faker op kantoar as yn it fjild.