Gearwurking mei Rietveld Akademy

18 apr 2006 - 16:51

It Friesland College yn Ljouwert sil gearwurkje mei de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. De skoallen hawwe foar studinten in spesjaal foartrajekt ûntwikkele. Op de Rietveld kinne opliedings folge wurde dy't te krijen hawwe mei byldzjende keunst en foarmjouwing.

Beide ynstituten ûndertekenje oare wike tiisdei in earste oerienkomst oer de gearwurking. Dan wurdt ek bekend wat dy yn de praktyk ynhâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)