Almeloër oppakt op NS-stasjon

18 apr 2006 - 13:55

In 27-jierrige ynwenner fan Almelo is Peaskemoandei op it treinstasjon fan It Hearrenfean oanhâlden. De man hie in kondukteur fan de NS bedriige. Dêrnei waard de plysje ynskeakele.

Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette de man him mei geweld. Uteinlik moast der pepperspray oan te pas komme, om him yn betwang te krijen. De man krige in proses-ferbaal foar bedriging, mislediging fan plysjeminsken en ferset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)