Harnzer oppakt foar bedriging

© Omrop Fryslân
In 48-jierrige Harnzer is oppakt op fertinking fan mishanneling en bedriging. By de plysje wiene twa meldings tsjin him ynkommen. In 39-jierrige húsgenoat wie it hús útflechte nei't de man him mei messen bedrige hie. Ek soe er it slachtoffer mei in wapenstôk slein hawwe.
Fierders melde noch in oare man him foar mishanneling troch de fertochte. De plysje fûn messen en in wapenstôk yn de wente oan de Noarderhaven.