Fryske brânwachtwein yn Bosnië

© Omrop Fryslân
In âlde Fryske brânwachtwein docht no tsjinst yn de Bosnyske gemeente Sanski Most. De Ljouwerter brânwachtman Izet Kuburic hat dat foar syn bertelân regele. De wein wie hjir oan ferfanging ta, mar kin dêr noch wol even mei. Sicko Heldoorn hat ôfrûne wike as bestjoerder nei Bosnië west om de âld wein oer te dragen.
Mear Fryske brânwachten sil frege wurde oft se âld, mar noch brûkber materieel bewarje wolle foar Bosnië.