D66 siket nije foarsitter

© Omrop Fryslân
Dirk van den Berg hâldt op as foarsitter fan D66 Fryslân. Hy hat fjouwer jier foarsitter west fan de partij en fynt it nei de drokke jierren tiid foar in opfolger.
Polityk siktaris Jan van der Meer wurdt waarnimmend foarsitter oant it momint dat der in definitive opfolger fûn is. De ferkiezingsproseduere foar in nije foarsitter is al út ein set.