Omrop yn aksje foar Armenië

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân en RTV Noord adoptearje in stjoerder yn Armenië. Se dogge dat yn it ramt fan Press Now. In projekt dat de parsefrijheid yn de wrâld ferbetterje moat. Haadredakteur Hans Snijder en Roel Dijkhuizen fan RTV Noord sille nei Vandzor yn Armenië.
Armenië is sûnt 1991 ûnôfhinklik. Dêrnei wie it lân trije jier lang yn in bluodderige oarloch mei Azerbeidzjan oer de enklave Nagorno-Karabach.