Voedselbank jout grutter pakket

© Omrop Fryslân
De oprop by tsjerken yn Ljouwert en omkriten om mei de Peaskedagen iten te jaan foar de Voedselbank yn Ljouwert, hat aardich wat respons krigen.
De pakketten wurde ferdield ûnder 150 húshâldens yn Ljouwert. Troch de bydrage fan de tsjerken wurde de pakketten wat grutter en fariearder as oars. Njonken tsjerken yn Ljouwert hawwe ek tsjerken yn Goutum, Wurdum en Hilaard reagearre op de oprop fan de Voedselbank yn Ljouwert.