Mooglik twadde hûneshow Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt mooglik in twadde grut hûne-evenemint yn it FEC. It giet om it Europeesk Kampioenskip foar rashûnen yn 2009. De hûneclubs fan Fryslân, Grins en Swolle binne oanwiisd foar de organisaasje. Yn juny falt it beslút. As it Ljouwert wurdt, komme goed 18.000 hûnen nei Fryslân.
De organisaasje fan de hûneshow op Peaskemoandei wie tige te sprekken oer it evenemint. Der diene 2400 rashûnen mei, 350 mear as ferline jier.