Pake en beppe-dei yn Terherne

© Omrop Fryslân
Sawat 25 pakes en beppes binne sneon ôfkaam op de spesjale pake en beppe- dei yn it Kameleondoarp yn Terherne. It wie foar it earst dat sa'n dei hâlden waard. De pakes en beppes koene fergees nei binnen, as se mar ien pake- of beppesizzer by har hiene.
Se krigen dan in ûnderskieding opspjelde troch de boargemaster fan it Kameleondoarp. Neffens wurdfierder Kees de Jong is de dei foar werhelling fetber.