Brânlucht troch peaskefjoeren

© Omrop Fryslân
Yn hiel Fryslân wie snein in brânlucht te rûken, feroarsake troch peaskefjoeren dy't oanstutsen wiene yn Dútslân, Grinslân en Drinte.
De meldkeamer fan de plysje krige in soad tillefoantsjes fan minsken dy't har soargen makken oer de brânlucht. Sy tochten dat der ergens by har yn de buert brân wie. Fanwege it wynstille waar luts de lucht ús kant oer.