Fitrine oer Theun de Vries

17 apr 2006 - 08:18

Yn de Skierstins yn Feanwâlden wurdt freed in Theun de Vries-fitrine iepene. De fitrine stiet yn de Theun de Vries-keamer. Der steane allegear saken yn dy't mei de skriuwer te krijen ha. De Vries ferstoar ferline jier jannewaris. Hy waard berne yn Feanwâlden.

Freed wurdt ek mear bekend makke oer de plannen foar it betinkingsjier 2007. Dat is it hûndertste bertejier fan Theun de Vries.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)