Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 27-jierrige Ljouwerter is sneintemoarn betiid oanholden troch de plysje yn in disko oan de Nijstêd yn Ljouwert. Hy hie in 28-jierrige plakgenoat mishannele. It slachtoffer hie skeel hân mei in oare persoan.
De fertochte bemuoide him mei dit petear wêrnei't it slachtoffer ek op him reagearre. De fertochte sloech dêrop mei in glês tsjin 'e holle fan it slachtoffer. Dy rûn derby in wûne boppe it each op.