Sportdrokte yn Beetstersweach

16 apr 2006 - 12:45

Beetstersweach wie sneon sa ûngefear it sportmiddelpunt fan Fryslân. Mei ferskate kuiertochten, fytstochten en in grut toernoai rolstoelbasketbal foar bern, kamen hûnderten dielnimmers oan de Nationale Sportweek nei Opsterlân ta.

Sneon wie de twadde dei fan de Nationale Sportweek. Op hûnderten plakken yn Nederlân binne de kommende dagen tal fan aktiviteiten op it mêd fan de sport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)