Stroetinga fjirde op WK

16 apr 2006 - 12:44

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is sneon op it WK baanwielrennen yn Bordeaux fjirde wurden op it ûnderdiel scratch. Stroetinga kaam krekt tekoart foar in plak op it poadium.

Stroetinga (20) is Nederlânsk kampioen op it ûnderdiel scratch. Yn de finale op it WK wie er net by steat om echt foar de titel mei te dwaan, mar it tredde plak like in skoft tichtby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)