Lykspul foar haadklassers

16 apr 2006 - 12:44

De Fryske haadklassers ha sneon gelykspile. Harkemase Boys kaam op Urk net fierder as 1-1. Jongsma makke de goal foar de harekieten. Drachtster Boys spile thús 3-3 tsjin Flevo Boys. Foar de Boys skoarden Oppedijk en Schippers (twa kear).

Troch dizze útslaggen begjint it der foar de Drachtster Boys hieltiten somberder út te sjen. De ploech stiet op it lêste plak. Koprinner ONS Snits kaam sneon net yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)