Dronkeman makket ravaazje yn tún

16 apr 2006 - 11:25

De plysje hat freedtenacht it rydbewiis ôfpakt fan in 23-jierrige man út de gemeente Skarsterlân. Hy wie mei drank op achter it stjoer krûpt en ried yn Skarsterbrêge in tún yn. Hy liet de auto dêr stean en naaide út.

De tún hat aardich wat skea. De auto hat djippe spoaren achterlitten en der is in kjersebeam omriden. De plysje hat de dieder achterhelle en hy sil mei de eigners fan de tún prate oer it fergoedzjen fan de skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)