Aaien op de dyk yn Snits

15 apr 2006 - 15:59

Op de Noardelike Rûnwei om Snits hinne is sneontemoarn in karre mei tûzen aaien omgien. Se wiene bedoeld foar de aksje fan de Vereninging Sneker Zakenlieden. Fanwege it jubileum dielt dy feriening sneon tsientûzenen aaien fergees út yn it sintrum fan de stêd. Dat wurde der no dus wat minder.

De organisaasje hat in skjinmakploech op de ravaazje ôfstjoerd. De karre is omgien op de hichte fan de wenwyk de Loten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)