Peaske-aaien foar sike bern

15 apr 2006 - 15:29

Hûnderten motorriders binne sneon op besite gien by bern yn sikehuzen rûnom yn it Noarden. It is foar de twadde kear dat dizze saneamde Egg-run hâlden is. De motorriders bringe de bern en it ferplegend personeel peaske-aaien en knuffelbisten.

De organisaasje hat ferskate sponsors. Jild dat oerbliuwt, giet nei oare organisaasjes dy't har ynsette foar it wolwêzen fan sike bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)