Soad ynteresse Egbertsduin

15 apr 2006 - 14:55

It hendikeptehotel Egbertsduin op Skiermûntseach is fuort by de iepening al in grut súkses. Al goed seistûzen minsken ha sein dat se der wol in nachtje sliepe wolle.

It hotel is freed offisjeel iepene troch kommisaris Nijpels. It is bedoeld foar minsken mei in hendikep of beheining. Dochs binne ek minsken sûnder beheining wolkom yn it renovearde hotel en ek sy boeke al.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)