Frou ferwûne by brân

15 apr 2006 - 14:24

By in brân yn in hûs oan de Albardastrjitte yn Snits is freed in frou ferwûne rekke. De brânwacht hie it fjoer frij gau ûnder kontrole. Yn it hûs sels wie net ien thús.

De frou dy't ferwûne rekke, is de buorfrou. Sy gie neidat it fjoer ûnder kontrole wie, mei de brânwacht yn har eigen hûs te sjen. Dêr wie nochal wat reekûntwikkeling. De frou krige problemen mei it sykheljen en moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)