Underwiis Opsterlân noch min

© Omrop Fryslân
Ferskate basisskoallen yn de gemeente Opsterlân presteare noch hieltyd ûnder de maat. Dat docht bliken út it jierlikse ûndersyk fan de Underwiis- ynspeksje. Foaral de Cito-skoares fan learlingen binne te leech.
Eardere ynspeksje-ûndersiken kamen mei inselde byld. De gemeente Opsterlân hat al ferskate maatregels nommen om de kwaliteit fan it basisûnderwiis te ferbetterjen. Sa waarden der ûnder oare nije direkteuren beneamd.