Fytsedief K'tille oanhâlden

© Omrop Fryslân
In man út Koatstertille is oanhâlden op fertinking fan it stellen en trochferkeapjen fan in 60-tal fytsen. De man waard op 'e die betrape by in fytsedieverij yn Grinslân.
By in besite oan syn hûs yn Koatstertille die bliken dat er it hok fol fytsen hie. Om de fytsen trochferkeapje te kinnen helle er yn guon gefallen de framenûmers derút mei de fleks. Dy metoade stiet ek wol bekend as it saneamde 'omkatten'.