Fryske dei Simon Vestdijk Harns

© Omrop Fryslân
Skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns organisearre tongersdei in Fryske dei. De Fryske taal en kultuer stie dêrby sintraal. Rapper Remon iepene de Fryske dei.
Der wiene wol 22 aktiviteiten: ûnder oare Frysk damjen, in útstapke nei it planetarium, keatse, teater en Harnzer ierdewurk besjen. Frysk is op it Simon Vestdijk yn Harns gjin ferplichte fak. De skoalle hat in ûntheffing om't der ek eilanners op skoalle sitte.