Bom Damwâld is net gefaarlik

13 apr 2006 - 16:53

De bom dy't woansdei fûn is yn in wenhûs oan de Haadwei yn Damwâld blykt ûnskealik te wêzen. It giet om in reekbom dy't brûkt wurdt foar oefeningen. Dat hawwe eksperts fan it Eksplosiven Opruimings Commando sein.

De bom waard earder dy dei fûn troch de plysje nei in tip oer wapens yn in wente oan de Haadwei. De wapens soene fan in samler wêze. De plysjeminsken fertrouden de bom net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)