Skriuwersarkje yn gebrûk naam

© Omrop Fryslân
Sicko Doting, Hylke Tromp en Gjalt de Groot binne de earste trije skriuwers dy't it arkje fan Rink van der Velde brûke meie as Skriuwersarke. Woansdei is de arke offisjeel yn gebrûk nommen.
Tresoar hiert de arke op De Feanhoop fan de hjoeddeistige eigener It Fryske Gea, om sa skriuwers de kâns te jaan te skriuwen yn 'e natuer. De skriuwers krije, om bar, seis wike de arke ta harren beskikking.