Fergees aaien yn Snits

13 apr 2006 - 13:13

Yn Snits wurde sneon fergees doaskes mei aaien útdield. It giet om in Peaske-aksje fan de Feriening fan Snitser Sakelju. De club bestiet dit jier sechtich jier en wol dat fiere.

In oare aktiviteit is om te besykjen yn it Guiness Book of Records te kommen mei de grutste oranjekoeke fan 'e wrâld. Dat sil heve op sneon 27 maaie yn de Marktstrjitte. Dêrby wurde 40 tûzen kopkes kofje servearre. Elk mei meihelpe de taart op te iten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)