Borrel tefolle
In bestjoerder mei in borrel op hat tiisdei op de Wâldwei en de A7 by Drachten foar in ravaazje soarge. Earst botste er op in ôfsettingsauto fan Rykswettersteat dy't by de ôfslach Drachten-West op de A7 stie. Dêrnei knalde er op in beam. Dêr fûn de plysje him.
De Grinser (31) wie te dronken om te blazen. Hy is meinommen nei it plysjeburo. Syn auto is yn beslach nommen en hy is syn rydbewiis kwyt.