Keninklike Tichelaar wint priis

© Omrop Fryslân
Ierdewurkfabrikant Keninklike Tichelaar út Makkum is tiisdeitejûn útroppen ta Fryske Undernimming fan it jier 2005. Tichelaar bleau yn de stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert de twa oare finalisten foar: Snakeware New Media BV út Snits en boubedriuw Lont fan St. Anne.
Keninklike Tichelaar krige sawol fan de sjuery as fan it publyk de maksimale skoare. It bedriuw past him goed oan oan 'e moderne tiid.