Aris ferliest nipt fan Weert

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe tiisdeitejûn mei trije punten ferskil ferlern fan Upstairs Weert. It waard 105-102. Aris rûn hast de hiele wedstriid tsjin in efterstân oan. Koart foar tiid waard it noch spannend doe't Aris gelyk kaam. Njoggen sekonden foar tiid wie it noch 102-102. Chris Woods fan Weert skoarde de beslissende trijepunter.
Aris bliuwt lêste en is al útskeakele foar it beheljen fan de play-offs.