Ljouwert hâldt miljoenen oer

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat it ôfrûne jier 6,1 miljoen euro oerhâlden. Dat stiet yn de jierrekken oer 2005. De gemeente sil it jild op fjouwer ton nei yn de Algemiene Reserves stoarte.
Neffens wethâlder Krol komt it ekstra jild goed fan pas by de útfiering fan de plannen fan it nije kolleezje. Dat wol de kommende fjouwer jier ûnder mear ynsette op jeugd, ûnderwiis en it oan it wurk helpen fan minsken yn de bijstân.