Somaliërs meie yn Fryslân bliuwe

© Omrop Fryslân
In Somalysk gesin yn de needopfang yn Wytmarsum hat nei tsien jier in ferbliuwsfergunning krigen. It giet om in mem mei fiif bern tusken de 11 en 22 jier. It gesin wennet al in skoft yn Wytmarsum.
De mem en de bern meie bliuwe omdat har in ûnminslike situaasje wachtet as se weromgean soene nei Somalië. Boargemaster Piersma sil it gesin út namme fan de gemeente Wûnseradiel lokwinskje mei it nijs.