Bibleteekbesikers tefreden

© Omrop Fryslân
Besikers fan de bibleteken yn Súdwest-Fryslân binne goed tefreden. Se jouwe de bibleteken en it personiel in 8.
Toch kinne der ek saken better, hat bliken dien út in ûndersyk ûnder de besikers. Sa soene de bibleteken faker iepen meie en meie se der ek wol geselliger útsjen. De bibleteken yn Súdwest-Fryslân sille der foar soargje dat se in goeie kolleksje oanbiede kinne, troch mei elkoar boeken, cd's, cd-roms en dvd's te keapjen.