Sâltwinning no dochs wer ûnwis

11 apr 2006 - 22:04

De sâltwinning wurdt faaks dochs wer stillein. De Rie fan Steate besjocht oft dat op 'e nij moat. Dat is tiisdei besletten yn in saak dy't oanspand is troch in groep boeren en de herfoarme tsjerke, dy't lân yn it gebiet ha.

Sâltfabryk Frisia is krekt wer begûn mei sâltwinnen, nei't de rjochter grien ljocht joech. De Rie fynt dat sjoen wurde moat nei de skea troch de sâltwinning sels en net allinne nei de skea troch it lizzen fan de buizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)