Hulde foar Amelanner rêder

11 apr 2006 - 16:47

De 23-jierrige William de Jong fan it Amelân is troch boargemaster Lesterhuis yn it sintsje set, omdat hy ferline jier Rotterdammer(66) rêden hat fan de ferdrinkingsdea.

De man krige in grutte golf oer him hinne wylst 'r oan it swimmen wie yn de Noardsee en rekke dêrtroch te fier de see yn. Mei help fan De Jong koe de man úteinlik it strân berikke. William de Jong krige in brûnzen medaille fan it Heldefûns en in tsjûchskrift.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)