Zoodsma langer by Lycurgus

© Omrop Fryslân
Ald-foljeballer Ronald Zoodsma fan Snits bliuwt langer coach fan foljebalferiening Lycurgus út Grins. Hy hat in kontrakt foar nochris trije jier tekene.
Tegearre mei twadde trener Gerard Smit foarmet Zoodsma de technyske lieding fan Lycurgus. Smit hat in kontrakt foar ûnbepaalde tiid. De klub wol mei de langere kontrakten stabiliteit krije. Sa moat Lycurgus in belangrike rol op it heechste nivo spylje kinne