Tsjûgenoprop oerfal Ychtenbrêge

© Omrop Fryslân
De oerfallers dy't yn de nacht fan tongersdei op freed in 69-jierrige man yn Ychtenbrêge besochten te oerfallen, rieden mooglik yn in Volkswein Golf. Dat docht bliken út it buertûndersyk.
Foar de oerfal is in pear kear in Golf mei spoilers en blauwe koplampen sjoen. De auto wie ferlege en hat blyndearre ruten. De plysje wol no graach yn kontakt komme mei minsken dy't mear oer dizze auto witte.