Man naait út nei oanriding

11 apr 2006 - 14:44

Op de Jan Jelleshofleane yn Ljouwert is moandei in automobilist trochriden nei in oanriding. Hy rydt in 19-jierrige frou op de fyts fan achteren oan, wylst sy oan it foarsortearen wie om linksôf te slaan.

De frou rekke ferwûne oan har gesicht en earmtakke en moast foar behanneling nei it sikehús. De plysje siket kontakt mei in frou mei in rollator, dy't nei de oanriding noch mei it slachtoffer praten hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)