Fryske dokters net yn problemen

© Omrop Fryslân
De Fryske húsdokters wurde net de dupe fan de administrative gaos by de soarchfersekerders. Yn de rest fan Nederlân driigje mear as 250 dokters fallyt te gean omdat fersekerders net op 'e tiid de rekkens betelje.
Sy wolle dat earst administraasje yn oarder bringe nei de ynfiering fan it nije soarchstelsel. Hjir betellet soarchfersekerder De Friesland wol op 'e tiid, ek al de administraasje noch net hielendal op regel.