Nynke tenei ek op Skylge

11 apr 2006 - 11:25

Service-organisaasje Nynke is tenei ek aktyf op Skylge. Nynke jout adfys, ynformaasje en stipe by it âlder wurden. Dan giet it om soarch, mar ek om saken as boadskipje en túnkje.

Nynke wurket op Skylge fanút soarchsintrum De Stilen. Dat falt ûnder Zorggroep Noorderbreedte, krekt as Nynke sels. De Skylger leden fan Nynke hoege mar de helte fan de kontribúsje te beteljen, omdat it pakket op it eilân beheinder is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)