DNA-lak tsjin stellerij boaten

© Omrop Fryslân
De nijste útfining tsjin de stellerij fan boaten is saneamde DNA-lak. Troch it oanbringen fan dit spul moat it foar kriminelen folle dreger wurde om stellen boaten te ferhanneljen.
It giet om in idee út Austraalje, dat troch fersekerders ek yn Nederlân tapast wurde sil. Jierliks wurde der lanlik sa'n 1200 boaten en 2000 bûtenboardmotors stellen. Fersekeringsmaatskippij Avero-Achmea hie moandei de primeur yn Koudum.