Hinneboeren wolle kompensaasje

10 apr 2006 - 21:29

Hinneboeren yn Fryslân wolle dat lânbouminister Veerman jild útlûkt om de grutte finansjele tekoarten troch de fûgelgryp yn dy sektor op te fangen.

De konsumpsje fan hin is yn grutte parten fan Europa gigantysk ûnderútgongen. Dêrtroch binne in protte Fryske hinneboeren yn swier finansjeel waar telâne kommen. De opbringst fan ien kilo hinnefleis is 17 sint minder as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)