Doch thús mei oan Frysk Diktee

10 apr 2006 - 20:44

Omrop Fryslân komt mei in primeur: op woansdei 26 april kin elkenien thús meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. De omrop sil it diktee om 20.00 oere jûns live útstjoere op radio en ynternet.

Wa't op deselde tiid de kompjûter oanset en ynlogt op ús dikteesite, kin it thús opnimme tsjin de dielnimmers yn it provinsjehûs. Minsken dy't thús meidwaan wolle, kinne har on-line ynskriuwe op www.omropfryslan.nl. Oer de mail wurdt in pinkoade tastjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)