Gerard Reve ferstoarn

© Omrop Fryslân
Skriuwer Gerard Reve is sneon ferstoarn. Hy is 82 jier wurden. Reve wenne tusken 1964 en 1971 yn Greonterp. Hy kocht dêr in âld arbeidershúske dat er de namme 'Huize Algra' joech. Algra, âld-haadredakteur fan it Friesch Dagblad, moast neat ha fan de boeken fan Reve.
Yn Greonterp skreaun Reve ûnder oare de boeken 'Nader tot u' en 'Op weg naar het einde'. Reve is ferstoarn oan de gefolgen fan demintens.