Nije funksje foar Hetty Hafkamp

© Omrop Fryslân
De Friese Milieufederatie hat in nije foarsitter. It is âld wethalder Hetty Hafkamp fan Ljouwert. De miljeufederaasje hie gjin foarsitter mear sûnt it ferstjerren fan Henk Mol, ein 2005.
Hafkamp seit hiel bot motivearre te wêzen om har yn te setten foar de Friese Milieu Federatie. Hafkamp wie sûnt 1999 wethâlder foar PAL/GrienLinks en hat altyd miljeu yn de portefeuille hân.